(Snow – Jesse Winchester)

It wie krekt op de acht oere nijstsjinst
de waarman foarsei ús snie
Dat flokwurd wie krekt oer syn lippen
doe’t ik myn koffers al ree stean hie

In fûgel set of nei it súden
in wintersliep wie my wol nei’t sin
Want wat sil ik hjir langer sykje
as ik de snie net bedjipje kin

Kearsang:
Snieflokken wurde besongen
ik stel op dy lieten gjin priis
Elk flokje is ommers itselde
en ien is my al in griis
Myn earen bin’ kâld en myn fuotten bin’ kâld
myn asem wurdt iis yn myn hier
Mar ik hâld my foar dat as it winter is
dan komt de maaitiid ek, sjerrende wier

Ynstr. + kearsang

Ik ha gjin bûnt yn myn learzen
gjin earkleppen oan myn pet
Ik ha gjin Jaeger ûnderguod oan
gjin laachjes beskermjend fet
Mar komt de trein, dy’t my nei Spanje bringt
de sniedúnen net mear troch
dan slaan ik in barte en rin ik
krekt sa lang dat ik gjin snie mear troch
Dan slaan ik in barte en rin ik
krekt sa lang dat ik gjin snie mear sjoch

© Yeb Boersma