(Another cup of coffee – Mike Rutherford/Christopher Neill)
Mike & the Mechanics

En se slacht mar wer in side fan har boek om
en har each dwaalt oer de plakken op ‘t behang
As mei ’t skimer ek de stilte oer it hûs falt
oh, dan makket it weromsjen har sa bang

Se hat altyd sa har bêst dien him te flaaien
wylts dat hy him fan har triennen neat oanluts
Se lei op har knibbels om him fêst te hâlden
Altyd wist er dat hy ienris mei har bruts

Kearsang:
Wêr bin’dyn freonen, wêr dyn berntsjes
is dit dyn hûs, bist do hjir thús
Is der dan neat dat iivich duorret
Draacht elkenien it selde krús

En hy skuort de sakenlabels fan syn koffer
en hy pakt de diggels fan syn libben yn
Wol dan elk dy’t him leaf hat him ek feroarje
is dyn faam as frou foar dyn eigenens sa blyn

En se slacht mar wer in side fan har boek om
In ljochte smet bliuwt fan syn foto’s op ’t behang
Tusken leafd’ en hekel rint in tinne skieding
de fertizing yn weromsjen duorret lang

Kearsang

Jou net op, sjoch net werom
slaan in oare side om
(4 x)

© Yeb Boersma