(tekst & muzyk © Yeb Boersma 02/2011)

Harren glês is altyd folle mear as foar de helte leech
en alles keallet by dit soarte hieltyd like dreech
Hokker foardiel men ek oantúgt, iiwich bliuwt it min
sels twa hûndert persint dat is lang noch net nei′t sin

De bekjes steane súnich en alles smakket mjitsk
Boarnamers fol krityk en noait ien kear tasjitsk
Se eamelje en seamelje en neat kin der op troch
want neat mei pochen lije, it is allegear ûnsjoch

Kearsang 1:
Se dippe harren pinne yn feninich fitrioel
Se poere hieltyd fierder yn in peilleas djip rioel
Se telle alle minnen yn ′t kwadraat en by de rûs
Se hawwe bot te lijen fan de jittikmigersblues

Elkenien komt op it harspit, de seinen binne skerp
En elk goed wurd dat is striken mei sleven kliemske sjerp
se binne lilk as in seage op wa′t út de beage brekt
krekt as wille fan de oaren har mei tûzen preammen stekt

Se prúmkje op har wurden om en kôchje alles dea
Se hawwe niget oan skrikeagen en turvje graach de skea
se disse alles swarter op mei stip sa soer as brein
se spuie giftich kommentaar as snjitters soere rein

Kearsang 2:
Se dippe harren pinne yn feninich fitrioel
se poere hieltyd fierder yn in peilleas djip rioel
elk tsjinlûd fynt men gakken fan in oaljedomme goes
dit binne sike lijers oan de jittikmigersblues

Brêge:
Jittikmigers binne sa swartgallich as de pest
Jittikmigers wol′ it graach bedjêre foar de rest
jittikmigers binne sa gremitich as in tyk
Jittikmigers longerje nei ′t ûnbehagen-ryk

Elk syn lekken en syn brekken, dy mjitte se breedút
en se stompe mei in wjerwurd in oar graach foar de snút
se spylje graach de stokebrand dy′t it striefjoer lôgje lit
se hingje yn ′e beage as in hyngst skuort oan it bit

Se meie graach tamtearje en ramaaie op ′e trom
se breidzje graach wat rjocht is op in glûpske wize krom
se glimkje glei as opmaat foar in rekke mikte kwat
kwitse mei in stielboarstel alle fleur en kleuren swart

Kearsang 4:
Se dippe harren pinne yn feninich fitrioel
se poere hieltyd fierder yn in peilleas djip rioel
of skûlet achter noartske troanjes faaks in bange mûs
út it falskkoar mei de kweasang fan de jittikmigersblues

© Yeb Boersma