(wize : Mama don′t – JJ Cale)

It waar dat is Ús beppe nea nei′t sin
se seit : it waar dat is my nea nei′t sin
Pyt Paulusma′s praat is har in griis
it bringt har libben hieltyd yn de tiis
It waar dat is ús beppe nea nei′t sin

Ús beppe hat it mier oan sinneskynwaar
Se seit : ik ha wit mier oan sinneskynwaar
Har hûd is tear en se wurdt benaud
en sels yn it skaad is it har te smout
Ús beppe hat it mier oan sinneskynwaar

Ús beppe hat de smoar yn as it reint
se seit : ik ha de smoar yn as it reint
Har permanint wurdt in plúzebol
in reinkapke fynt se mar in raar gefal
Ús beppe hat de smoar yn as it reint

Ús beppe hat tabak fan hurde wyn
Se seit : ik ha tabak fan hurde wyn
Se kin al net ferneare dat it lichtsjes siigt
en seit dat Pyt Paulusma oer stoarmen liigt
Ús beppe hat tabak fan hurde wyn

Ús beppe hat de pest oan snie en iis
Se seit : ik ha de pest oan snie en iis
Se bliuwt yn ′e hûs, hiel dik oanklaaid
oan′t al it iis út de fearten teit
Ús beppe hat de pest oan snie en iis

Ús beppe kin wol koarje fan de mist
Se seit: ik kin wol koarje fan de mist
Skimen sitte har as spoeken nei
se skrikt fan elk lûd en se lukt wyt wei
Ús beppe kin wol koarje fan de mist

Okkerdeis waard ús beppe hûndert jier
Tillevyzjeploegen kamen yn it spier
Pyt Paulusma stie neist har en rôp ″oan ′t moarn″
doe is ús beppe hommels stoarn
It wie har grutske skrik yn hûndert jier

Wy stienen op it hôf om beppe′s baar
en dûmny rekke dêr in teare snaar
Wie waarsykte no har grutste leed
of wie Pyt Paulusma har falske profeet
it wie in tryste dei mar wat wie it prachtich waar (2x)

© Yeb Boersma