(Pourquoi m’aimes-tu pas? – Jesse Winchester)

Ik haw in fleanbrevet fan ’e simulatorjet
mar flean net mei myn eagen fan min acht
Myn Jaguar rint as in klok, mar ik krij him net út ’t hok
myn keppel pitbulls hâldt de wacht

Ik haw ’im rêden fan de sloop
dêr sjochst syn periskoop
Dêr leit myn ûnderseeër foar de wâl
Se haw’ in stevich bonkerak
binne nuet en sadelmak
myn Trojaanske hynders yn de stal

Kearsang:
Net ien dy hat sok ark as my
Ik jou myn rykdom ek oan dy
as ik yn ruil dyn leafde kry
Wêrom hâldst do net fan my

Brêge:
Tryst, oh tryst
Wat is it libben bryk
ûnbidich ryk
mar net dryst, nee net dryst

Myn buorkerette yn Skipsleat
hat in sauna oan de feart
mar ik doar net neaken troch de tún
Myn hiteloftballon kaam del yn wiet beton
by it útbikjen gong de boel oan pún

Kearsang

Brêge
Myn kelder fol exquise wyn
wâdzj’ ik oan ’t de knibbels yn
De kjiftkrobbe friet de fetten lek
By myn Switsers berchchalet
is de opreed steil en glêd
Dêr glied myn Harley dwers troch ’t stek

Kearsang

© Yeb Boersma