(wize : Farmer’s daughter – Fleetwood Mac / Beach Boys)

Ik kom fan in Eastfrysk plak
sykje hjir wurk en ûnderdak
Ik help dy graach yn de ûngetiid
jongfaam fan Fûgelsangh State

Ik bliuw hjir mar in dei as wat
Dan wer op in paad, dat is myn lot
Tanke jongfaam, do bist gol foar my
Jongfaam fan Fûgelsangh State (3x)

Oan’t sjen, ik moat wer fan jim’ lân
in protte tank, ik ha it moai hjir hân
Wol dy graach noch wer ris sjen
Jongfaam fan Fûgelsangh State (3x)

© Yeb Boersma