(If I were you – Venice / Michael Lennon, Kipp Lennon, Scott Crago)

Ik soe graach libje yn frijheid
skodzje de keatlingen los
Fan rjochting feroarje, skras de histoarje
spring fan de wâl op in skos
Dat is wat ik allegear die, dit is myn rie
Dat is wat ik allegear die
as ik dy wie

Ik wol it bestean no in draai jaan
ik skuor my los fan it tsjoar
De jister ferlitte, de blauwdruk ferjitte
De skuld net mear jaan oan in oar
Dat is wat ik allegear die, in brek yn ’e trie
Dat is wat ik allegear die
as ik dy wie

Oh – oh ensfh.

Ik soe graach libje yn frijheid
skodzje de keatlingen los
Fan rjochting feroarje, skras de histoarje
spring fan de wâl op in skos
Dat is wat ik allegear die, dit is myn rie
Dat is wat ik allegear die
as ik dy wie

Oh – oh ensfh.

© Yeb Boersma