(Working on a dream – Bruce Springsteen)

Hjir duorje nachten lang, binne dagen iensum
Ik tink oan dy en ik wurkje oan in dream
Ik wurkje oan in dream
De kaart dy’t ik luts brocht my it rûge libben
Ik rjochtsje de rêch en ik wurkje oan in dream
Ik wurkje oan in dream

Ik wurkje oan in dream, somtiden is dy sa fier fuort
Ik wurkje oan in dream, dy’t wier wurdt as ik hurd trochwrot

It reint dat it eazet, ik swaai de hammer
De hannen bot skeind fan wurkjen oan in dream
Ik wurkje oan in dream

Ik wurkje oan in dream
al binne soargen eins noait fan ’e baan
Ik wurkje oan in dream,
ús leafde sil ús troch de soargen slaan

Ik wurkje oan in dream,
somtiden is dy sa fier fuort
Ik wurkje oan in dream,
ús leafde hat my hjir trochskuord

De sinne riist, ik beklim de ljedder
In dei brekt oan en ik wurkje oan in dream
Ik wurkje oan in dream
Ik wurkje oan in dream,
ik wurkje oan in dream

Ik wurkje oan in dream,
somtiden is dy sa fier fuort
Ik wurkje oan in dream,
ús leafde hat my hjir trochskuord

Ik wurkje oan in dream,
ek al is it noch sa’n lange wei
Ik wurkje oan in dream,
ús dream wurdt wier op in goeie dei

© 2009/Yeb Boersma