(Vienna – Billy Joel)
Kalm oan, do jonge fint
mei sa’n protte ambysje sjitsto gau troch it lint
Ast sa’n snoadenien bist, wêrom bisto dan noch sa bang
Wêrom sa gyssen, wêr is de brân
kuolje dochs ôf, oars rint it út ‘e hân
ek foar dy hat de wike noch altyd gjin achtste dei
Do fljochst as wie dyn libben te koart
mar do hoechst net te kiezen út wyt en swart
wolsto healwei net stûkje, brûk dyn krêften dan net sa rij
wannear betinkst dy dat .. Toscane wachtet op dy
Kalm oan, do dochst it goed
wolst fan alles berikke mar dat slagget net hjoed
Kinst it lot ek net twinge as de kniper op ‘e skine komt
Spitich datst yn dy trêdmoune sitst
bist sa drok mei dysels datst dyn noeden ferjitst
Slaan dyn fouten goed acht,
mar besef dy it komt grif wol goed
Do bist sa grutsk, do bist sa fol fjoer
mar betelje dyn doelen net dûbeld sa djoer
Set troch mar flean net dysels foarby
Wannear betinkst dy dat .. Toscane wachtet op dy
Kalm oan, do jachtich man
liz de smartphone oan kant en nim it der fan
Dy pear dagen wurk, och dy hellesto wol wer by
Wannear betinkst dy dat …. Toscane wachtet op dy
Do fljochst as wie dyn libben te koart
mar do hoechst net te kiezen út wyt en swart
wolsto healwei net stûkje, brûk dyn krêften dan net sa rij
wannear betinkst dy dat ….. Toscane wachtet op dy
wannear betinkst dy dat ….. Toscane wachtet op dy
© Yeb Boersma